Kollum: ''Leaver dea as slaef fan in opruier''

05 okt 2017 - 08:20

''In oprop en in dringend advys, oan alle Friezen! Wannear't jo belle wurde troch sjoernalisten om wat te sizzen oer Fryslân, nei oanlieding fan de situaasje yn Catalonië: betankje freonlik en ferbrek de ferbining! Ik haw yn de ôfrûne dagen nammentlik al meardere kearen Friezen yn Nederlânse media sjoen en heard, dy’t bewearden dat 'de Friezen’ harren wol ynlibje kinne in de Cataloniërs. Nim no Radio 1 fan moandeitemiddei. In petear yn Ljouwert, mei de Fryske histoarikus Kerst Huisman.

‘Wat die Catalanen hebben, een enorme sterke mate van politieke autonomie, dat hebben ze al. Als wij dat hier zouden hebben, nou dan waren we al een heel eind verder.’ Huisman gie fierder, hij sei dat hy neat mei Nederlân hie. ‘Wat heb ik nou met Nederland? Ik heb er niks mee. Als je kijkt naar het politieke beleid van de staten, maar dat is de hele eenentwintigste eeuw een grote rotzooi. Indonesië. Srebrenica.’

Ja want Sebrenica wie fansels nea sa’n freeslike trageedzje wurden, as der Friezen sitten hienen, ûnder lieding fan tsjinstwegerder Kers Huisman. Neat mei Nederlân ha, dat soe ris sein wurde moatte troch bygelyks in Nederlânske Marokkaan. Dan hie it hûs te lyts west. Dizze man is net goed wiis, mar dêr aanst mear oer. In oar type Fries dat mar wat graach ropt dat Friezen ek wol mear bestjoerlike frijheid ha wolle, binne Steateleden, deputearren. Fansels! Want wa hat mear foardiel fan mear sizzenskip foar de provinsje dan de bestjoerders fan de provinsjes! Dus die siet ek yn de Radio 1 bus, natuerlik in FNP’er, Sybren Posthumus.

‘Wat je deelt is dat er een grote afstand is tussen centrale hoofdsteden, in dit geval Madrid en Catalonië. Bij ons Den Haag - Friesland en andere provincies. Er wordt een grote kloof ervaren, en dat is volgens mij ook wel wat algemeen.’ Even foar Sybren: fan Ljouwert nei Den Haag is 190 kilometer. Asto fan Barcelona, de haadstêd fan Catalonië, rjochting Madrid rydst, dan bist nei 190 kilometer Catalonië noch net iens út. En moast noch mear as trije kear sa fier ride. Mar ôfstân is ek echt wol in hiel beroerd argumint; de diken binne prima, Posthumus, as’t nei Den Haag wolst, hâldt net ien dy tsjin.

De ferslachjouwer frege troch: wêrom de Friezen harren dan ferbûn fiele mei de Catalanen. Kerst Huisman naam it wurd. ‘Ten tweede vind ik eigenlijk dat we hier ook een eigen parlement moeten hebben. En ten derde vind ik eigenlijk ook dat we hier een eigen munt moeten hebben. Naast de Euro. Voor het geval - en dat is niet denkbeeldig - dat de Euro klapt. Dan moet je noodgeld hebben.’ Want allinnich de Friezen moatte ‘noodgeld’ hawwe fansels. De rêst fan Nederlân hat der gjin lêst fan as de Euro klapt. Op himsels al in goeie reden om de Euro net klappe te litten, trouwens.

‘Je moet soms een idee in het midden leggen, waarvan mensen, zoals Rimmer Mulder, zeggen: hij is hartstikke gek. Maar uiteindelijk zullen ze zeggen: ja maar hij kon toch wel eens gelijk hebben.’ No, Kerst, dat kloppet, sommige gekke ideeën blieken letter briljant te wêzen. Mar fierwei de measte gekke ideeën blieken letter gewoan gekke ideeën te wêzen. Wat is dit foar nuvere slachtofferrol dêr’t dizze Friezen yn krûpe. Foaral nuver, om’t de Catalanen yn inoar slein binne, en de Friezen net. Dêr komt noch bij dat der legio mooglikheden binne foar Friezen om ynfloed te hawwen yn Den Haag en Brussel. En wêrom soe Fryslân mear eigen foech krije moatte as Grins?

Yn Catalonië binne it in pear opruiers dy’t de Catalanen nei in referindum jage hawwe, dat ferbean wie troch it heechgerjochtshôf dêr. In flink oantal ûnskuldige boargers is doe yn inoar slein, wat foar de opruiers it bêste wie dat barre koe: want no is alle sympaty by de Catalanen. Mar ha gjin bûter op 'e holle: nasjonalisten binne gefaarlike typen.

Dêrom, Friezen: betankje freonlik as jo frege wurde nei jo gedachten oan in referindum oer de ûnôfhinklikheid fan Fryslân. Want referinda binne ferwurden ta ûnnoazele politike instruminten foar opruiers. Sis nee, as in Nederlânner freget hjir wat oer te sizzen, want jo binne net gek. Jo tinke om it imago fan dizze moaie provinsje fan Nederlân. Want foardatst it witst, is dit de konklúzje fan de rêst fan Nederlân. ‘Ja, ik zou bijna zeggen: Nadia Moussaid vanuit het opstandige Friesland!’''

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)