Joadiumpillen foar Fryske bern yn súdeastlike gemeenten

Alden yn de gemeenten It Hearrenfean, West- en Eaststellingwerf en Opsterlân, mei bern tusken de 0 en 18 jier, krije ynkoarten joadiumpillen oer de post tastjoerd. Guon minsken hawwe dêroer ek al in folder yn de bus krigen. It giet om bern út dizze fjouwer gemeenten, omdat se himelsbreed binnen hûndert kilometer fan in kearnsintrale wenje, yn dit gefal yn Lingen yn Dútslân, krekt oer de grins by Emmen.
It ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport sit efter de aksje. De pillen binne previntyf en soene ynnaam wurde moatte by in kearnramp yn Lingen.