Ynformaasjejûn fleanrûten yn Balk: soargen net fuortnaam

05 okt 2017 - 06:22

In soad minsken kamen woansdeitejûn ôf op de ynformaasjejûn yn Balk oer de fleanrûten fan Lelystad Airport. It wie de lêste fan seis jûnen op ferskate plakken, dêr't de rûten boppe rinne sil fan april 2019 ôf. De jûn waard organisearre troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu, de Alderstafel foar Lelystad Airport, Loftferkearslieding Nederlân en it Kommando Loftstriidkreften.

Der waard troch ferskillende sprekkers útlis jûn oer de fleanrûten, it loftfeartkabaal, de kar foar Lelystêd en it belied fan Den Haag. Dêrnei wie der romte foar fragen. Hoewol't de omwenners bliid wienen mei de ynformaasjejûn, naam it de soargen net fuort.

(Advertinsje)
(Advertinsje)