Berneboek fan Toon Tellegen oerset yn it Frysk

04 okt 2017 - 22:38

Toon Tellegen yn it Frysk: wa't dêr altyd al fan dreamd hat, kin no syn hert ophelje. Sûnt woansdei leit it boek 'Teltsjes fan Tellegen - Alventritich bisteferhalen' fan útjouwerij Regaad yn boekhannels. Berneboekeskriuwer Tellegen, dy't wrâldferneamd is troch syn ferhalen oer de mier en de iikhoarn en noch folle mear bisten, skreau spesjaal foar it Fryske boek trije nije ferhalen: fierder sitte der 38 al earder útjûne ferhalen yn. It boek waard woansdei presintearre by boekhannel Van der Velde yn Ljouwert.

Oersetter Anne Tjerk Popkema is wiis dat er meiwurkje mocht oan it boek. ''Tellegen is gewoan ien fan de bettere skriuwers fan Nederlân." Foar útjouwer Peter Boersma wie it al langer in winsk om wat fan Tellegen yn it Frysk út te bringen. "En dat er ek noch trije nije ferhalen skreaun hat om de oare ferhalen better oaninoar te ferbinen en dat Douwe Dijkstra allegearre nije tekeningen derby makke hat, makket it echt in prachtich nij boek. Wy binne der hiel wiis mei.''

Tellegen wie ek fuort entûsjast oer it idee. Boersma: ''Syn wurk is al yn sa'n soad talen oerset, it Hongaarks, it Russysk. Mar hy sei tsjin my 'Fries staat nog op mijn lijstje'. Doe't ik him it boek sjen liet wie syn reaksje echt fan 'wow, dit ziet er wel heel mooi uit'." Tellegen wie woansdei sels ek by de presintaasje mar woe gjin ynterviews jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)