Taksysjauffeurs stimme foar aksjefieren yn CAO-konflikt

04 okt 2017 - 22:04
Foto: ANP

De acht taksysjauffeurs dy't woansdeitejûn yn Drachten byinoar kamen om te praten oer it CAO-konflikt mei de taksywurkjouwers, ha unanym foar aksjefieren stimd. Dat seit bestjoerder CNV Fakminsken distrikt Noard Sijtze de Bruine. Se koene stimme foar in ferlinging fan in jier fan de hjoeddeistige CAO mei trije prosint leansferheging of foar in ferlinging derfan sûnder leansferheging. Dat lêste is wat de taksywurkjouwers wolle en in stim foar de earste opsje is dus in stim foar in ultimatum en dêrnei aksjes. Der binne dizze wike op tsien ferskate plakken yn Nederlân gearkomsten hjiroer.

"Om daadwerkelijk een ultimatum te stellen aan de werkgevers moet driekwart van de aanwezigen bij al deze vergaderingen voor acties stemmen. Dat weten we pas vrijdag, als alle samenkomsten zijn geweest. Als iedereen inderdaad voor het ultimatum stemt, stellen we een ultimatum tot en met 11 oktober. Als de taxiwerkgevers dan niet aan onze eis hebben voldaan, volgen er meteen acties. In de week van het ultimatum zullen we dan al nadenken over wat voor acties'', sa seit De Bruine.

Grut wie de opkomst net, fynt ek De Bruine sels. ''Maar dat lijkt wel een beetje taxichauffeur eigen. Ze hebben nog nooit gestaakt en zijn over het algemeen wat op zichzelf."

(advertinsje)
(advertinsje)