Nederlânsktalige útjefte boek Trinus Riemersma presintearre

04 okt 2017 - 21:23
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yn Amsterdam is woansdei, op dieredei, de Nederlânske oersetting fan it Fryske boek 'Libben en dea neffens Jelke Bos' fan Trinus Riemersma presintearre. It boek giet oer de 11-jierrige labrador Jelke dy't him nei in hast-dea-ûnderfining bûcht oer de grutte fragen yn it libben. It boek soe skreaun wêze troch de hûn sels en net troch Riemersma. It orizjineel ferskynde dêrom yn 2001 ûnder de auteursnamme Jelke Bos, mei de titel 'Tinzen oer it libben en oer de dea'.

De Nederlânsktalige edysje is útjûn troch Zirimiri Press, in útjouwer dy't him rjochtet op minderheidstalen. It wie de earste kear dat dy in boek út de Fryske literatuer útbrocht. Tagelyk presintearre útjouwerij Elikser ek de nije Fryske útjefte fan it boek fan de yn 2011 ferstoarne Trinus Riemersma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)