Goed 27.000 Friezen brûke subsydzje enerzjybesparring

Goed 27.000 Friezen ha it ôfrûne jier gebrûk makke fan subsydzjes foar enerzjybesparring. Dat meldt it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN), dy't fan in trochslaand sukses sprekt. It giet om de subsydzjeregelingen 'Friese Energiepremie' en 'Nul op de Meter' foar wenningeigeners. Yn totaal is der hast 4 miljoen euro útkeard. De top 3 fan Fryske plakken dêr't it faakst subsydzje oanfrege waard, bestiet út: Ljouwert (428), Drachten (357) en Snits (235). Der waard it faakst subsydzje oanfrege foar flierisolaasje, 1950 kear.
Fryske wenningeigeners kinne sûnt moandei wer in oanfraach yntsjinje foar de subsydzje 'Nul op de Meter 2017'. Dat kin se dwaan fia de webside www.snn.eu/nulopdemeter. Der is maksimaal 6000 euro de wenning beskikber.