Syktocht nei Joadsk jonkje út oarloch: wa ken Nathan Piller?

04 okt 2017 - 18:00

Al jierren siket Frits van Hoorne út it Limburchske Landgraaf nei in Joadsk ûnderdûkerke. It jonkje, Nathan Piller, wie oardel jier doe't er troch ferried troch de Dútsers meinommen waard. Wat der krekt mei it jonkje bard is, is ûndúdlik. Der is noch altyd hoop dat Nathan troch it ferset yn Fryslân ûnderbrocht is, by pleechâlden. Dat kaam wol faker foar. Syn âlden binne fermoarde yn in konsintraasjekamp, mar mooglik is Nathan, ûnder watfoar namme dan ek, noch yn libben. Frits van Hoorne wol it yn alle gefallen graach witte. Nathan soe no 75 jier wêze moatte.

Nathan Piller is 7 maaie 1942 yn Amsterdam berne. Hy waard op 13 desimber 1943 yn Landgraaf ferret en oerbrocht nei de Sicherheitsdienst yn Amsterdam. Der is gjin oantekening fan deportaasje en dêrom is de hoop dat er noch libbet. Neffens in fage tip soe er as pjut nei Fryslân brocht wêze.

Wonder

"Bij de zoektocht in de archieven van Landgraaf kwam ik het document tegen dat Joden werden gearresteerd nadat ze waren verraden. Bij deze groep waren ook jonge kinderen. Na veel onderzoek ben ik erachter gekomen dat drie kinderen op transport zijn gezet, maar van drie andere kinderen is geen aantekening van deportatie. We hopen dat ze de oorlog hebben overleefd. We hebben met een persoon al contact gehad, dat is onbeschrijfelijk als zo iemand je belt. Er is een tamelijke reële tip dat Nathan naar Friesland is gebracht, de tipgever moet anoniem blijven. Er zijn een paar mogelijkheden: Nathan kan naar een Joods weeshuis zijn gebracht na de oorlog, hij kan zijn aangemeld bij een pleeggezin en dat hij de naam van dat gezin heeft aangenomen of dat het pleeggezin hem heeft opgegeven als eigen zoon. De kans is klein, maar een van de drie heeft zich al gemeld, dus we hebben goede hoop dat we de andere twee ook vinden. De ouders van het pleeggezin zijn al overleden maar de kleinkinderen zouden hem graag de hand drukken. Dat zou een wonder zijn."

Minsken dy't wat witte, kinne kontakt opnimme mei Frits van Hoorne (maile nei: fjhoorne@home.nl of belje mei 045-5315992)

(Advertinsje)
(Advertinsje)