FIDEO: Wurk oan de polderdyk by Terherne

04 okt 2017 - 16:46

Sawat seis jier lyn stie it wetter yn Fryslân histoarysk heech. Foar Wetterskip Fryslân reden om provinsjebreed de diken oan te pakken en grutte problemen foar te wêzen. Op dit stuit is folop aksje by de polderdiken by Terherne. Jierrenlang is yn Terherne neat oan de diken dien. Mar neffens it wetterskip hat der nea gefaar west.

It wetterskip is al in skoft dwaande mei oanpak fan de diken om foar te kommen dat de Friezen wiete fuotten krije by ekstreme waarsomstannichheden. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)