Bolletongersdei: wol keallekeuring, diel aktiviteiten ôfsein

04 okt 2017 - 16:36

In grut diel fan de aktiviteiten fan de keallekeuring by Bolletongersdei yn Boalsert giet definityf net troch. Dat hat de organisaasje sels besletten, mei it each op it stoarmwaar dat foar tongersdei foarsein wurdt. De organisaasje stie foar de kar om wol of net in tinte op te bouwen op it Arrivaterrein, mar doarde it net oan. Foar de keallekeuring, dy't foar it earst yn 16 jier wer hâlden wurde soe, is noch in oplossing fûn. Dy is ferpleatst nei de rydhal fan de Hanzeruiters. Oer de jiermerk, dy't ek ûnderdiel is fan Bolletongersdei, wurdt tongersdei pas in beslút naam. Dat jildt ek foar de ringriderij. Dêr wurdt tongersdei om 16.00 oere in beslút oer naam.

De gemeente Súdwest Fryslân spekulearre woansdei al oer it ôfsizzen fan Bolletongersdei, wylst de organisaasje noch fan neat wist. De gemeente wol dêr noch hieltyd net op reagearje.

Trefwurden: 
Bolletongersdei Boalsert
(advertinsje)
(advertinsje)