Banen fuort by útjouwerijen Boom en NDC nei oername

De oername fan Boom Uitgevers Nieuwsmedia (BUN) troch de NDC mediagroep yn Ljouwert soarget der foar dat 53 minsken har baan ferlieze. Dat hat de NDC woansdeitemiddei bekend makke. De NDC is ûnder oare útjouwer fan de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad. Ek jout de NDC 33 wykblêden út. It giet om 37 fêste banen dy't no ferdwine. De oare 16 banen binne útstjoerkrêften en tydlike kontrakten. It giet om stypjende ôfdielingen lykas sales, kantine, transport, en ekretariaat.
NDC naam Boom yn juny oer. De beide organisaasje wurde no gearfoege. Dûbele funksjes ferdwine. By de reorganisaasje jildt in sosjaal plan. Troch de oername fan Boom jout de NDC no 55 wyk- en nijsblêden út yn Fryslân, Grinslân, Drinte en in grut diel fan Flevolân. Oant no ta is allinnich de útjefte fan De Grijpvogel skrast, in lokale krante yn Eaststellingwerf.
De kranten fan Boom wurde mei yngong fan 1 jannewaris 2018 drukt op de parsen fan de NDC yn Ljouwert. De fêstiging fan Boom bliuwt wol yn Meppel, mar ferhuzet nei in oar kantoar.