"Fryslân wie spil yn Europeeske houtyndustry"

04 okt 2017 - 16:06

Fryslân hat jierrenlang de spil west yn de Europeeske houtyndustry. Fan 1700 ôf wie 80 prosint fan de houthannel yn Fryske hannen. Dat seit ûndersiker Paul Borghaerts út Easterein. Hy hat jierrenlang ûndersyk dien nei âlde byntwurken yn buorkerijen. En dy komme út hiel Europa neffens him. Dêrmei is Fryslân in skatkeamer foar houtûndersyk.

De grutste skatkeamer fûn Borghaerts yn Reahûs, yn de pleats fan Piet van der Hoff. Foaral it houtwurk oan de binnenside is bysûnder. "Niet alleen de binten, maar ook het draaghout en het laatgotische gestapelde juk is van eiken. Dit is onwaarschijnlijk."

De eigener hie gjin idee dat er yn sa'n histoarysk wichtige pleats wenne en buorke.

Borghaerts hat 130 pleatsen yn Fryslân ûndersocht. It doel wie om dúdlik te krijen hoe âld oft it hout is en wêr't it weikomt. It ûndersyk is no klear. Borghaerts wol dat der in stichting komt dêr't alle resultaten bewarre wurde foar wittenskiplik ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)