Fryske basisskoallen binne tongersdei hast allegear ticht

04 okt 2017 - 15:54

Hast alle basisskoallen yn Fryslân binne tongersdei ticht yn ferbân mei de ûnderwiisstaking. Dat is de ferwachting fan it algemiene ûnderwiisbûn, it AOb. Mei de aksjes protestearje de learkrêften tsjin de hege wurkdruk. Ek wolle sy in heger salaris. Alle skoallen fan it PCBO yn Ljouwert binne bygelyks ticht. Goed 60 learkrêften geane nei Den Haag, in grut diel giet mei in spesjale bus. Oare skoallen stake wol, mar organisearje alternative protestaksjes. Sa sil personiel fan De Wingerd yn Damwâld aktiviteiten dwaan mei bewenners fan fersoargingshûzen.

De polityk wol 270 miljoen euro útlûke foar hegere salarissen, mar neffens de fakbûnen is sa'n 900 miljoen nedich om de leanen gelyk te lûken mei de salarissen dy't yn it fuortset ûnderwiis betelle wurde. Yn hiel Nederlân binne sa'n 6.500 basisskoallen ticht.

Protestmanifestaasje

Yn Den Haag wurdt tongersdei in grutte protestmanifestaasje hâlden. Dêr wurde 30.000 leararen ferwachte. Foar de simmerfakânsje wie der ek al in staking fan in oere yn it basisûnderwiis.

(advertinsje)
(advertinsje)