Wurkleazen oan de slach yn de soarch nei speeddate

04 okt 2017 - 15:39

Troch in speeddate fan trije soarchynstellingen en de Dienst Noardwest Fryslân ha fiif wurkleazen in baan krigen. De speeddate wie yn Wensintrum Almenum yn Harns en der diene 14 minsken oan mei. Trije sille oan de slach as húshâldlik meiwurker en twa oaren begjinne in oplieding om yn de soarch te wurkjen. Sy geane in dei yn de wike nei skoalle en trije dagen yn de wike oan it wurk op in lokaasje fan de KwadrantGroep. De soarchynstellingen wiene sels nei de sosjale tsjinst ta stapt, omdat sy dreech nije meiwurkers fine koene. Dêrnei waard de speeddate organisearre. Yn koarte gesprekjes koene de wurkleazen en de soarchynstellingen yn 'e kunde komme mei-inoar.

Spannend

De Dienst Noardwest Fryslân bliuwt de wurknimmers en studinten noch efkes begelieden. Rebecca Eijzenga fan de tsjinst sosjale saken en wurkgelegenheid: "Een deel van onze klanten voldoet niet aan alle profieleisen die door werkgevers worden gesteld. Door de speeddates leren de werkgevers deze potentiële werknemers zelf kennen in plaats van dat ze alleen op een CV worden beoordeeld." Foar de wurksykjenden is it noch wol efkes wennen. Ien fan de studinten fertelt: 'Ik vind het best spannend om weer naar school te gaan. Ik ben bijvoorbeeld studieboeken gewend. Nu werkt alles digitaal!'.

De soarchynstellingen en de tsjinst binne tefreden. Thea de Boer, regiomanager KwadrantGroep: "Het is een mooie vorm in een goede samenwerking om werkzoekenden werk in de zorg te bieden. De eerste speeddate vond plaats in Harlingen, maar we zien ook mogelijkheden voor andere locaties in Noordwest-Fryslân. De aanpak is zeker voor herhaling vatbaar!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)