FIDEO: In dei meirinne mei juf Margreet

De doarren fan in hiel soad basisskoallen bliuwe tongersdei ticht. De learkrêften lizze it wurk del om't se mear jild wolle foar it basisûnderwiis. De klassen binne te fol, de wurkdruk is te heech en it salaris te leech. Mar, wêr rinne masters en juffen tsjinoan en wêr hawwe se it no sa drok mei? Wy rûnen in dei mei mei juf Margreet.
7:30
Margreet Bleker wurket as juf fan groep fiif op de Sint Michaëlskoalle yn Harns. Har dei begjint om healwei achten moarn as se it skoalgebou ynkomt. Se makket har klear foar wer in dei. De 22 bern komme om kertier oer achten.
10:15
Om kertier oer tsienen ha de bern in kertierke skoft. Foar de juf bliuwt der miskien tsien minuten oer, dêr't se efkes kofjedrinke kin mei har kollega's. By har op skoalle is in soad omtinken foar de wurkdruk fan learkrêften. Spesjaal dêrfoar is Expeditie Leerkracht úteinset. It is in groep fan sân masters en juffen fan ferskate skoallen fan de Bisschop Möller Stichting. Dy ploech wol mei de kollega's sjen hoe't de wurkdruk omleech kin.
12:00
Om tolve oere is it tiid foar de lunch. Ite, drinke en tagelyk it Jeugdjournaal sjen. Dêrnei kinne de bern efkes bûten boartsje. Om healwei ienen is it skoft wer foarby. De skoaldei duorret dan noch ien oere en trije kertier.
Net allinne de wurkdruk is in ûnderwerp dêr't de learkreften mei wrakselje. It giet ek om de reputaasje fan harren fak. Dan is it kertier oer twaën en sit de dei der foar de bern op. Dat jildt net foar de masters en de juffen. Dy binne noch wol efkes dwaande.
17:00
Mar tsjin fiven is it dan ek foar juf Margreet einlik klear. De jas giet oan en op nei hûs.