'D'Alde Boek' bêste kafetaria

29 okt 2011 - 14:56

Kafetaria 'Kwalitaria d' Alde Boek' is opnommen yn de lanlike kafetaria top 100. De kafetaria yn Droegeham einige as 38e op de list en is dêrmei ek de bêste fan Fryslân.

De sjuery fan fakblêd Snackkoerier fûn foarol de wurkwize en de hygiëne opfallend. Ferline jier einige d'Alde Boek noch as 61e. Yn de kafetaria top 100 wurde noch trije oare Fryske kafetaria's fermeld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)