Trije Friezinnen op de nije Boerinnekalinder

Op de nije Boerinnekalinder steane mar leafst trije Friezinnen. Se binne útdaagjend klaaid, wenje op in pleats en stean dus op in kalinder. Irene Spoelstra út Sigerswâld is ien fan de Fryske froulju. "Ik wie tipt troch myn neef en in pear freondinnen dy't fûnen dat ik mysels opjaan moast. It wie krekt wat foar my, seinen se. Ik tocht wêrom net en dus ha ik my opjûn. It wie superbysûnder. De fotoshoots wienen leuk om te dwaan."
Dream komt út
Irene hat wol faker fotoshoots dien. "It is in dream dy't útkomt. De modellewrâld is lestich om yn te kommen, it is gjin must om model te wurden, ik sjoch wol wat op myn paad komt." Har foto is makke by in biologyske skieppemelkerij yn Zwolle. "Watfoar moanne oft ik bin, wit ik noch net. Myn foarkar hat juny, dan bin ik jierdei en dan begjint de simmer en ik hâld fan de simmer."
De modellen binne grutsk op har agraryske komôf, passy, wize fan wurkjen en famyljebedriuwen. De kalinder is foar de sande kear útjûn en der steane 15 froulju op. Der wienen goed 200 oanmeldingen. Tsien fan de tolve provinsjes binne fertsjintwurdige. Op freed 6 oktober is de offisjele presintaasje.