Dieredei: twa chihuahua's sykje in baaske!

04 okt 2017 - 15:15

It is 4 oktober, dieredei dus. Baaskes fan hûnen, katten, kninen, hamsters en parkiten sille har bisten op dizze dei ekstra bedjerre. Mar wat no as in kat of hûn gjin baaske hat? It diere-asyl sit fol mei katten en hûnen en om dêr in baaske foar te finen, falt net altyd ta. Omrop Fryslân bemiddelet by it finen fan in baaske en wurket gear mei De Wissel. Linda Colijn fan de Ljouwerter diere-opfang siket in thús foar Kenzo en Gizmo, twa chihuahua's, en docht in oprop oan harkers.

Wa sykje Gizmo en Kenzo?

De twa chihuahua's binne tegearre binnenbrocht. Se binne echt in setsje en altyd by elkoar. Se lizze ek by elkoar yn de koer. It duo makket wol wat leven, benammen as se oerdeis allinne thús binne. De eardere baaskes krigen dêr klachten oer fan de buorlju. It leafst minsken dy't frij wenje en dy't de bisten sa min mooglik allinne litte. Dus in plak op in appartemint, yn in rychjeshûs of hûs mei buorlju is net geskikt.

Wa binne Gizmo en Kenzo?

It binne beide mantsjes. Kenzo hat lang hier en is goed fiif jier. Gizmo hat kort hier en is fjouwer jier. Kenzo is in iepen en frij hûntsje dat hiel fleurich oerkomt, hy kent al wat kommando's en kinst goed kontakt meitsje. Minsken, hûnen en katten fynt er prima. Gizmo is wat ûnwisser mar ek leaf, hinget bot oan Kenzo en is it leafst by syn maatsje. Gizmo kin by wat gruttere bern, net by jonge bern, en is wat ôfwachtsjend nei frjemden, mar mei hûnen en katten hat er gjin probleem. It duo moat geregeld oan de beage útlitten wurde.

Skatsjes

Femke de Walle is fuort ferkocht as se de hûntsjes sjocht. "It binne skatsjes." Neffens Linda fan De Wissel is it in bysûnder duo. "Ze zijn graag bij elkaar en kunnen heel goed samen. We willen ze het liefst samen herplaatsen, maar als dat niet lukt dan apart, dat is beter dan dat ze nog maanden in het asiel moeten blijven. Ze zijn heel aanhankelijk en zitten graag op je arm of schoot."

Belangstelling?

Belangstellenden kinne kontakt opnimme mei De Wissel (058-2664300). Dat kin tusken 10.00-12.00 oere en tusken 14.00-17.00 oere. Op woansdeis en sneins is it asyl ticht. Of stjoer in berjocht nei Omrop Fryslân fia de app of op 06-20499199.

(Advertinsje)
(Advertinsje)