Kabelnoord is wiis mei opdracht om glêsfezel oan te lizzen

Kabelnoord sjocht it as in prachtige kâns om fierder te groeien, no't se de opdracht krigen hawwe om glêsfezel oan te lizzen yn de bûtengebieten fan Fryslân. It giet dan om parten fan de provinsje dêr't de huzen hûnderten meters faninoar ôf stean. Kabelnoord krijt foar de opdracht in liening fan 35 miljoen euro fan de provinsje.
Ien fan de betingsten fan de liening is dat Kabelnoord binnen in healjier nei de kontraktûndertekening mei de oanlis fan de glêsfezel begjint. Dêrnjonken moat der in garânsje lizze dat 20.000 adressen yn it bûtengebiet oer trije jier rap ynternet hawwe. De minsken dy't no daliks oansletten wurde hoege net perfoarst by it Fryske kabelbedriuw in abonnemint te nimmen. Dat kin ek gewoan by de konkurrinten.