Plysje hellet spûkrider fan de dyk op de N31

04 okt 2017 - 13:22
Foto: ANP

De plysje hat woansdei oan it begjin fan de middei in spûkrider fan de N31 helle. De autobestjoerder wie ûnderweis yn de omkriten fan Ljouwert. Meardere minsken bellen de plysje doe't se seagen dat de auto oan de ferkearde kant fan de dyk ried. De plysje wie mei meardere weinen útriden om de man fan de dyk te heljen.

Dat slagge úteinlik, wêrnei't de spûkrider oerbrocht is nei it plysjeburo. De man hat gjin ûngelokken feroarsake. It gie om in 49-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean dy't betize wie. De plysje hat syn rydbewiis ynnaam. De man hat proses-ferbaal krigen en der wurdt ûndersyk dien nei syn rydfeardigens.

Trefwurden: 
spûkrider N31
(Advertinsje)
(Advertinsje)