Rockmusical War of the Worlds giet net troch yn Snits

04 okt 2017 - 12:33

De try-out fan de rockmusical War of the Worlds dy't woansdeitejûn yn teäter Snits op de planken brocht wurde soe, giet net troch. Der binne problemen mei de auteursrjochten fan it stik. De earste try-out foarstelling yn it Noard-Brabânske Uden gie tiisdeitejûn ek net troch fanwege problemen mei de rjochten.

Minsken dy't kaarten kocht hawwe foar de Snitser foarstelling binne fia de mail op de hichte brocht fan de problemen. Sy kinne oan de kassa har jild weromkrije of in oare foarstelling útsykje. It teäter besiket de minsken ek telefoanysk noch te berikken, mei om't it sa let bekend wurden is dat de foarstelling net troch giet. De premjêre fan War of the Worlds stiet pland op 14 oktober yn Tilburg.

(Advertinsje)
(Advertinsje)