Galiga-promenade yn Snits krijt opknapbeurt

04 okt 2017 - 12:18

De Galiga-promenade yn Snits krijt in opknapbeurt. De kappen, dêr't asbest yn sit, wurde fuorthelle, de gevels komme yn âlde gloarje werom. Ek komt der nije ferljochting en strjitmeubilêr. Eigeners fan winkels en gebouwen, bewenners en gemeente prate al tiden oer it opknappen fan de karakteristike strjitte tusken it Martiniplein en it sintrale winkelgebiet. De promenade is healweis de jierren santich boud.

De gemeente Súdwest-Fryslân betellet 100.000 euro, de eigeners betelje 60.000 euro en it Old Burger Weeshuis stipet mei 5.000 euro. It wurk moat foar de yntocht fan Sinteklaas dien wêze. Foar de wurksumheden wurdt de strjitte nei winkelsluting sneontejûn oant tiisdeitemoarn ôfsluten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)