Escher op Reis takom jier grutte útstalling yn Fries Museum

04 okt 2017 - 12:04

It Fries Museum yn Ljouwert krijt takom jier sa'n 80 orizjinele printen fan de Ljouwerter wiskundich tekener M.C. Escher yn brûklien. Se binne ûnderdiel fan de grutte Eschertentoanstelling 'Escher op Reis'. De tentoanstelling iepenet op 28 april en rint oant 28 oktober. Njonken de útstalling oer it orizjinele wurk fan Escher sil it Fries Museum yn jannewaris ek in tentoanstelling opsette mei wurk dat ynspirearre is troch Escher.

Under de namme 'Phantom Limb: art beyond Escher' binne keunstwurken fan hjoeddeistige keunstners te sjen. De wurken sette, krekt lykas Escher, de sjogger op de ferkearde foet. Boppedat organisearret it Fries Museum ûnder de namme Planeet Escher it folsleine jier projekten om de Fryske mienskip te belûken by it wurk fan de yn Ljouwert berne keunstner. 

Maurits Cornelis Escher waard yn 1898 berne yn it stedspaleis dêr't no Keramiekmuseum Princessehof yn sit. As jonge keunstner reizge er nei Italië. Hy eksperimintearre mei opfallende perspektiven en byldkompilaasjes. Wer yn Nederlân ferwurke er dizze yndrukken ta komplekse matematyske bylden en ûnmooglike wrâlden. Yn de tentoanstelling binne syn ikoanyske flakfollingen, metamorfoazes, perspektiven en ûnmooglikheden te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)