PAL Grien Links hat noed oer ûndersyk Vermilion by Jirnsum

04 okt 2017 - 11:41
Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De gemeentefraksje fan PAL GrienLinks yn Ljouwert hat soargen oer it seismysk ûndersyk fan gaswinbedriuw Vermilion yn de omkriten fan Jirnsum. De partij wol mear dúdlikheid hawwe oer it beslút fan de gemeente De Fryske Marren om de omjouwingsfergunning foar ferlykber seismysk ûndersyk net ôf te jaan.

De partij wol witte oft it ek yn Ljouwert mooglik is om sa'n omjouwingsfergunning foar Vermilion te wegerjen. Ek is de partij benijd om te hearren oft der ek oare wizen binne om gaswinning yn de gemeente tsjin te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)