Min waar op komst: Bolletongersdei giet mooglik oer

04 okt 2017 - 11:39

Bolletongersdei yn Boalsert giet tongersdei mooglik net troch. De gemeente Súdwest-Fryslân nimt woansdeitemiddei in beslút oft it evenemint trochgean kin. Ien en oar hat te meitsjen mei de waarsfoarsizzings. Der wurdt foar stoarmwaar ferwachte en in protte reinwetter. Tenminste dat twitterje se. Dat soe fansels in grutte tsjinslach wêze foar de organisaasje. De fraach is ek oft dyselde organisaasje itselde tinkt. Ane Norder fan de organisaasje fan Bolletongersdei is fernuvere, want hy wit fan neat.

(advertinsje)
(advertinsje)