Friezen genietsje bewust fan de sinne

04 okt 2017 - 11:36
Foto: Omrop Fryslân

Friezen genietsje bewust fan de sinne. Dat docht bliken út ûndersyk fan de GGD Fryslân. Mear as 1250 panelleden hawwe ôfrûne simmer in fragelist ynfolle oer hoe't sy omgean mei de sinne en sinnebeskerming. De measte fan de dielnimmers sizze dat se har beskermje tsjin de skealike UV-strieling, benammen as se langer bûtendoar binne. Sa'n 20 prosint smart om de twa oeren mei sinnebrân. De oare 80 prosint docht dit alle trije oant fiif oeren.

Njonken it smarren mei sinnebrân nimme de minsken ek oare maatregels. Sa seit de helte fan de panelleden dat se de sinne safolle as mooglik mije tusken 12.00 oere en 15.00 oere middeis en hat ien op de fiif in hoed of pet op as beskerming.

(advertinsje)
(advertinsje)