Subsydzjes foar Lân fan taal kinne wer oanfrege wurde

04 okt 2017 - 10:51
It ûntwerp foar it belevingssintrum fan Lân fan taal foar LF2018

Organisaasjes kinne fan woansdei ôf wer in subsydzje-oanfraach dwaan by it Lân fan taal. De projekten moatte op in iepenbier publyk rjochte wêze en moatte yn it ramt fan de meartaligens stean. Alle keunstdissiplinen en alle lokaasjes yn de provinsje binne tastien. Foar de gruttere projekten is yn totaal 25.000 euro beskikber, wylst de lytsere aktiviteiten op syn heechst 500 euro it stik krije. Lân fan taal is ûnderdiel fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. De subsydzje-oanfragen kinne yntsjinne wurde oant 1 novimber fan dit jier.

Trefwurden: 
Lân fan taal LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)