Nije oplieding brânprevinsje

29 okt 2011 - 15:05

Fryslân krijt in oplieding brânprevinsje foar meiwurkers fan bedriuwen dy't spesjalisearre binne yn it foarkommen fan brân by bedriuwen en ynstellings. It giet om de earste oplieding fan Nederlân. Dat makke direkteur Willem Brinksma fan it Ljouwerter bedriuw Flamework freed bekend by de bedriuwsiepening.

De oplieding moat noch opset wurde, mar sil jûn wurde oan it Fryslân Kolleezje yn Ljouwert. Flamework wurket troch hiel Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)