Dieredei: kat Gizmo siket in baaske!

It is 4 oktober, dieredei dus. Baaskes fan hûnen, katten, kninen, hamsters en parkiten sille har bisten op dizze dei ekstra bedjerre. Mar wat no as in kat of hûn gjin baaske hat? It diere-asyl sit fol mei katten en hûnen en om dêr in baaske foar te finen, falt net altyd ta. Omrop Fryslân bemiddelet by it finen fan in baaske en wurket gear mei De Wissel. Linda Colijn fan de Ljouwerter diere-opfang siket in thús foar Gizmo en docht in oprop oan harkers.
Wa siket Gizmo?
Gizmo siket ien dy't him in rêstige húshâlding biede kin, rêst, romte en in geregeld bestean. Net folle drokte, in soad stabiliteit en net tefolle minsken oer de flier. Net mei oare húsdieren. Gizmo hat graach it ryk allinne en krûpt inkeld mei syn nije eigener. Gizmo hâldt net fan oare katten, dus net yn de hûs mar ek net yn de buert. Dêr rekket er wat fan yn de stress. Nije sitewaasjes kin Gizmo spannend fine en dan krijt er lêst fan stress. Hy hâldt net fan bern en ek net fan in drokke buert. Wat rêstiger de buert, wat better oft Gizmo him fielt. Hy hâldt fan oandacht, krûpe en lekker iten.
Wa is Gizmo?
Gizmo is in moaie grutte boarre fan sân jier. It is in 'beauty' om te sjen en hy hat in leaf karakter en is oanhinklik. Hy hâldt derfan om nei bûten te gean om op aventoer te gean. "Hij is speels en met zeven jaar niet oud, hij kan nog wel zeven jaar mee," fertelt Linda. "Het is echt een mensenkat, heel aanhankelijk. En ook mooi groot voor een gecastreerde kater." De kat kaam yn it asyl om't syn baaske in poppe krige en dêr rekke er fan oerstjoer. "Hij vond dat heel raar en kon daar niet goed mee overweg."
Yn De Middei fan Fryslân komt Linda nochris del mei twa chihuahua’s dy't ek graach in baaske ha wolle.
UPDATE:
Gizmo hat in baaske fûn! Se hyt Eke van der Werff-Dykstra en komt fan Haskerdiken. "It like myn poes wol doe't ik de beskriuwing op de radio hearde. Myn poes ha ik ferline jier ynsliepe litte moatten nei't er fiif jier siik wie. Dat gie op it lêst net mear. It bistje is wol in jier as tolve wurden. It lake my wol oan en ik ha der net by stilstien dat er út it asyl komt." De Omrop regelet meikoarten in moeting mei De Wissel om te sjen oft der in klik is. Dêr hat se gjin noed oer. "Ik fyn alle bisten leuk, fan bisten kin ik mear as fan minsken."