Scooterrider Drachten ferstoarn

Scooterûngelok yn Drachten © De Vries Media
De 17-jierrige jonge út Drachten dy't moandei slim ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak, is oan syn ferwûningen ferstoarn. Dat meldt de plysje. De jonge botste op de Eendekroos yn Drachten mei syn scooter op in bestelbus. Hy waard mei de traumahelikopter nei it sikehûs brocht. Dêr is er tiisdei ferstoarn. In jonge dy't efterop de scooter siet, rekke licht ferwûne.