Littenseradiel nimt mei in spesjale film ôfskied

04 okt 2017 - 09:24

De gemeente Littenseradiel wol mei in spesjale film ôfskied nimme fan har status as ûnôfhinklike plattelânsgemeente. Fan 1 jannewaris ôf wurdt Littenseradiel opdield yn trije parten, dy't elk by in oare gruttere gemeente yndield wurde. De film, mei as titel Greidehert, fertelt it ferhaal fan de minsken en de lânskippen fan Littenseradiel.

De korpsen út de gemeente wurkje gear om live by de film de muzyk te fersoargjen. De film en live-muzyk wurde yn de jûnsoeren útfierd op 9, 15 en 16 desimber. Op 10 desimber is der noch in matineefoarstelling. Njonken de foarstelling krije alle húshâldens fan Littenseradiel ek noch in boek mei ferhalen thúsbesoarge. De ferhalen yn it boek spylje har ôf tusken 1984 en 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)