Keninginne Máxima komt yn novimber nei It Hearrenfean

04 okt 2017 - 09:17

Keninginne Máxima komt yn novimber nei It Hearrenfean. Se is dan te gast by in gearkomste fan de organisaasje NLgroeit. Dat is in programma fan en foar ûndernimmers dy't elkoar helpe wolle om te groeien. Undernimmers mei ûnderfining stypje begjinnende bedriuwen mei har kennis en har netwerken. Op de gearkomste op It Hearrenfean kinne ûndernimmers dêr mei-elkoar fan gedachten wikselje. Keninginne Máxima is derby as lid fan it Nederlands Comité voor Ondernemerschap en Financiering. Dat komitee is ynsteld troch it regear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)