Kollum: "Frij"

04 okt 2017 - 08:48

"Oebele Vries fûn in briefke. Der stie op dat kening Sigismund fan Dútslân syn nocht hie fan dat elke Fries dy’t hy de kop ôfhakte krekt noch it wurd frijheid preuvele. Hy koe fierder ek neat mei dy pear jonges fan dy smodzige terpen dy’t ûnder de alvetalnammen Skieringers en Fetkeapers yngeand op elkoar ynsloegen. Dus hy skreau op dat se frij wiene, as se tenei net mear seure soenen. De Friezen neamden dat papierke doe hillich. Mar se ha dêrnei alle dagen noch wer oer frijheid seurd, want dêrnei kaam it gesach oer Fryslân yn Grins te sitten. Dan witte jim genôch.

Oebele Vries mocht dat briefke ophingje yn it provinsjehûs. En doe waard it singelier. Want doe sei kommissaris Arno Brok dat Fryslân no mear eigen foech ha moat. Net inkeld op it mêd fan taal en kultuer, mar ek oer lânbou, romtlike oardering, lânskip, natuer en sa. Fryslân is ommers in oare (hy sei it net, mar bedoelde it echt wol, in bettere, ferstanniger) provinsje as de oare alve.

Tafal, mar yntusken wie yn Kataloanië de kat ek yn de gerdinen klommen. Dus reizge it hiele Hilversumse telefyzjefolk de Ofslútdyk oer. Hjir rinne ommers noch fan de lju om dy’t, by it referindum yn Skotlân oer ôfsplitsing, dêr mei Fryske flaggen stienen te wapperjen. Ik tink dat se hjir manmachtich Sybren Posthumus tsjinhâlden ha, oars hie dy dêr yn Barcelona ek mei de pompeblêden omrûn, wylst plysjemannen op him ynsloegen. Syn FNP is ommers lid fan de Vrije Europeeske Alliânsje. Dat binne de ferhûddûke folkjes dy’t hjir en dêr noch húsmanje. Dus mannen van de FNP hoe zit het met jullie, ook opstand?

Nee, sei de meast rêstige fan it stel, Hindrik ten Hoeve, nee dat ha we yn 1345 al dien, dat hoecht net wer. Mar Den Haach is him no wol wat te fier fuort, alhoewol't hy der alle wiken yn de Earste Keamer komt. Dus werhelle hy wat Brok sei. Ja, en doe waard ik wat ûnrêstich. As de FNP en Brok, en letter sels deputearre Kielstra ynienen itselde wolle, dan moatte je útsjen. Foardat je it witte, krijt Rutte dat briefke fan Sigismund yn syn tuorke en seit hy: we kinne net oars jonges, foech foar Fryslân.

Mar hoe’t dát moat, dat wit Fryslân net. We ha frege om Frysk yn it ûnderwiis, mar we ha der neat fan makke. We woene sels de gemeentlike weryndieling dwaan en ha der in rotsoai fan makke. We ha sels alles dien foar kulturele haadstêd en dat hat allegear te min, te let en te djoer west. Wy kinne soks net.

Foarbyld. We ha yn de 70-er jierren sels as eigen befolking ús streekplan makke. Fjouwer jier echt skitterjende diskusjes, dêr’t we manmachtich oan meidienen, it gie ommers oer ús romtlike oardering, ús lânskip. We krigen in moai streekplan. Mar neat fan wat we dêryn opskreaun hiene, is helle, útsein miskien yn de ruilferkavelingen. Mar fierder die elke gemeente wer syn eigen sin. Wy ha fierstente folle gemeenten, wy ha gjin mienskipssin. Gjin wûnder dat no de diskusje oer it 'omgevingslab' Fryske plattelân amper lju opsmyt. We komme net. We ha it idee dat we bêst wat mei syn allen betinke kinne, mar witte dat soks dochs net útfierd wurde sil.

Dus de roppers om foech, freegje foech foar harren sels. En ek dêr kin se net safolle mei, want we sit sa bewuolle yn it nasjonale systeem, dat in politikus, dy’t mar fjouwer jier fier tinkt, hielendal neat kin. Sjoch mar nei Brexit.

We binne allegear o sa bliid dat de FNP no seit dat Fryslân net ûnôfhinklik wurde moat. Dat ropt inkeld Kerst Huisman noch. En plysjes ha net iens tiid om ús út de stimburo’s te klauwen, want se moatte moarden oplosse.

We kinne it allegear bêst iens wêze oer dat mear foech oer taal en kultuer Fryslân better kleurje kinne soe. Mar ôfsjoen dat it technysk swier is om je út nasjonaal of Europeesk belied frij te meitsjen, binne we ek fierstente ûnhandich om soks goed útfiere te kinnen. En foar heal wurk helje we it swurd fan Grutte Pier echt net út it Fries Museum."

Trefwurden: 
De Toan fan Elke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)