Kollum: "LF2018, in aai is lein"

04 okt 2017 - 07:42

"As de Lawei of Neushoorn of it Oerolfestival syn programma fêststelt, wachtsje wy dat meastal rêstich ôf. Mar fan it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018 hawwe minsken nachtenlang wekker lein. Al sûnt de dei dat Ljouwert ferkeazen waard ta Kulturele Haadstêd fan Europa, 6 septimber 2013. De briedende hin yn de Blokhuispoort krige in soad geseur oan ‘e kop: ‘Wannear hearre we no ris wat? Wêrom duorret it sa lang?’ En, nochal sneu: ‘Wat dogge jim eins?’ De hin is lûd keakeljend it hok útflein, juster op it Gouverneursplein yn Ljouwert. In aai is lein. It programmaboekje foar LF2018. Stevich, blau, fol mei ynformaasje, en ek noch lekker rûkend nei it waarme nêst.

It is leuk om de eftergrûnen, sis mar ‘it wêrom’ fan dizze projekten en foarstellingen op in rychje te hawwen. Wat kultuer foar minsken betsjutte kin. Wat de keunstners bedoele mei in ûntwerp fan in fontein. Wat skriezen en blaasmuzyk mei elkoar te meitsjen hawwe. Of wêrom bygelyks it ‘Iepen Doarp’ Feanwâldsterwâl ek oer oare Fryske doarpen giet.

Moais en wat der mist

Neffens my is der in hiel soad moais. It tema ‘iepen mienskip’ sjochst yn alles werom. Foar elts dy’t nijsgjirrich is en fan kultuer hâldt is der in soad te belibjen. Meast teäter, mar der is ek byldzjende keunst, muzyk, sport en dûns. Poëzy fyn ik yn Harns (The Sea! The Sea!) en Burchwert (Sjen yn it tsjuster). Foar it oare literêre moat ik wierskynlik wêze yn it Lân fan Taal. Wat ik mis: it folkstoaniel, dêr’t Fryslân grut yn is. De fertroude iepenloftspullen sille der takom jier wol wêze, mar sitte net yn it haadprogramma. Ek de foarstelling ‘Elk Sines’ oer Tjerkje fan De Kliuw (alhoewol alwer stiif útferkocht, ek takom jier!) past der prima by. Wat ek opfoel, is dat der net in apart jeugdprogramma is. Bern kinne meidwaan oan foarstellingen (bygelyks sirkus Adje Lambertsz, de 8e dag, At the Watergate). Mar ik miste wat spesjaals foar bern op de basiskoallen en jongeren op de middelbere skoallen, dochs de takomst fan Fryslân.

Tekst

De tekst is skreaun yn it Nederlânsk, meast leuk en dúdlik. Soms lies ik it ferhaal mei kromme teannen. It projekt ‘Strangers on stage’ begjint sa: ‘Witte woonwijk. Gelukte Libelle-gezinnen. Allemaal hoger opgeleiden die wéten dat het debat in Nederland verhard is en niet iedereen over één kam te scheren valt. Toch stuurt de immer voorkomende buurman zijn hond af op een langslopende Marokkaan met een fiets. ‘Want die zal hier wel niet horen’. Dit ferhaal moatte ik en myn ‘immer voorkomende’ buorman trije kear lêze, foardat we it begripe.

Frysk

De earste rigel is Frysk: ‘Tosken yn in nije tiid’. Dêrnei is de fiertaal fan it boekje Nederlânsk, mei sa no en dan in Fryske kreet as ‘Sûnder dy kinne wy net begjinne’, of: ‘Skuor iepen de gerdinen, spring der út de dei is nij.’ Ik ha efkes neitocht wat ik derfan fûn, want earlik sein hie ik in trijetalich programma ferwachte, yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Mar ast betinkst wat de doelgroep is, is dit wol te begripen: foar hiel Nederlân is Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa. Elkenien moat it lêze kinne en nocht krije om derhinne te gean. Komme der foar de bûtenlânske gasten takom jier Ingelsktalige programmaboekjes? Dat soe moai wêze. It is trouwens noch net alles. Want alle ‘mienskipsprojekten’ dy’t der fierder yn de provinsje betocht binne, stean net iens yn dit blauwe boekje. Wat bart der noch mear, takom jier? Ik wol it hiel graach witte, en de rest fan Fryslân en de wrâld ek. Dan begjin ik alfêst te sparjen.

Jild

In gouden aai, dat is Ljouwert Kulturele Haadstêd noch net, mar dat kin it wol wurde. It hinget fan ússels ôf. Sa’n moai programma, omearmje it! No net mear stinne, gewoan derhinne. Ik hoopje dat safolle mooglik minsken derfan genietsje kínne. By in djoere foarstelling sitst samar op tritich of fjirtich euro foar in kaartsje. 95 euro foar de Slachtemaraton is in bulte, ek al sit der in oernachting by yn. Ik hoopje dat Fryslân en Ljouwert tinke om minsken mei in lytse beurs. Dat ek sy de kâns krije om ‘De Stormruiter’ of de Fryske Matteüs te sjen. Subsidiearre, sponsore, hoe dan ek. Dan is Kulturele Haadstêd écht foar elkenien."

Trefwurden: 
LF2018 Kollum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)