Frou Faber fan Bitgum fynt stik fleantúch yn har tún

Anneke Faber fan Bitgum hat yn har tún in stik fan de wjuk fûn fan ien fan de Switserske fleantugen, dy't ferline jier opinoar botsten boppe har wenplak. De F-5's klapten opinoar by de Loftmachtdagen yn juny ferline jier. Dy botsing hat frou Faber sjoen, al wie se op dat stuit net thús. Ek doe fûn se in stikje fleantúchwjuk yn har tún. Nei de stoarm fan in pear wiken lyn is der op 'e nij in stik yn har tún bedarre, dit kear fan ûngefear 1 by 1 meter. Nei alle gedachten hat it al dy tiid op in dak lein.
Frou Faber hat it melden by Definsje en dy hat de Switserske autoriteiten ynskeakele, want it gie om in botsing fan twa F-5's fan de groep Patrouille Suisse. Nei de botsing stoarte ien fleantúch del yn in fiver by Berltsum. De piloat koe op tiid de sjitstoel brûke en der rekke net ien ferwûne. Nije wike freed komme der minsken fan Definsje en fan de Switserske loftmacht nei Bitgum ta om it stik fleantúch fan frou Faber oer te nimmen.