Douwe Amels giet wer folslein foar it heechspringen

03 okt 2017 - 22:55
Foto: ANP Photo

Douwe Amels rjochtet him wer fulltime op it heechspringen. De 26-jierrige Drachtster hat de earste trainingen yntusken al ôfwurke. Amels ferhuze twa jier lyn nei Dútslân om kwalifikaasje foar de Spelen yn Rio fan 2016 ôf te twingen. Hy slagge net yn syn misje troch ûnder oaren in oantal blessueres. Hy ûndergie twa operaasjes oan syn ankel en besocht dêrnei syn wurk as advokaat te kombinearjen mei syn libben as topsporter. No hâldt er dus op mei syn wurk as advokaat en giet er wer folslein foar it heechspringen. Hy is der fan oertsjûge dat er de wrâldtop helje kin.

"Drege beslissing"

"Dit wie ien fan de dreechste beslissingen die ik ea naam ha. In baan as advokaat by in fantastysk kantoar opjaan foar in ûnwis bestean as heechspringer is net neat", seit de mearfâldich Nederlânsk kampioen. "De kombinaasje fan trainen, reizgjen en wurkjen yn de ôfrûne moannen wie lykwols te swier. It wie gjin duorsume situaasje. Ik wie stadich oan it opbrânen. Ik wie twa saken heal oan it dwaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)