Entûsjasme by presintaasje LF2018: "It wurdt fantastysk!"

Mei konfetty en in grut ferskaat oan optredens binne tiisdei op it Gouverneursplein yn Ljouwert de plannen foar Ljouwert-Fryslân 2018 presintearre. Tal fan organisaasjes dy't projekten ha yn it jier fan Kulturele Haadstêd krigen de kâns it publyk by te praten. Ek wiene der optredens fan ûnder oaren de sjongeressen Nynke Laverman, Elske DeWall en akteur Peter Tuinman.
De organisaasje hat in soad nocht oan it kulturele jier, en dêrnei. LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum: "Waar ik naar uitkijk is dat het niet ophoudt na 2018, maar dat het doorgaat. We hebben ook geen sluiting, maar een ReOpening. We zetten ons internationaal op de kaart, en we vertellen alle Europeanen 'kom naar Fryslân.' Er zijn zometeen wel duizend redenen om naar Fryslân te komen. Maar boven alles zeg ik tegen iedereen hier: zonder jullie kunnen wij niet beginnen."
By de presintaasje wiene fansels ferskate pommeranten oanwêzich, sa as kommissaris fan de Kening Arno Brok, en sy reagearren entûsjast. "Foar ús is it in prachtige gelegenheid om Europa sjen te litten wat wy mei kultuer dwaan kinne yn ús provinsje. Fan Escher oant Mata Hari, der is in grut ferskaat oan saken, en elkenien kin derfan genietsje." Wethâlder Sjoerd Feitsma tocht even werom oan it momint dat Ljouwert Kulturele Haadstêd waard. "Ik moet terugdenken aan vier jaar geleden, toen stonden er ook duizenden mensen op het plein. Ik ben heel blij om opnieuw zoveel mensen te zien."
It publyk, dat earst miskien wat kritysk wie, liet positive lûden hearre by de presintaasje. "It programma dat der no leit is wol hiel moai. Der sit in hiel soad yn foar in hiel soad minsken" en "It wurdt fêst wol wat", sei in Ljouwerter. In oare besiker sjocht 2018 hielendal sitten: "It wurdt fantastysk!"
It folsleine programma fan Ljouwert-Fryslân is nei te lêzen op de webside 2018.nl. It wurdt ek ferspraat fia de hûs-oan-hûsblêden yn Fryslân.