Bysûnder earbetoan oan delsketten Lancaster Alde Feanen

In wie in bysûnder momint tiisdei yn De Alde Feanen. Der wie in spesjaal earbetoan foar de ferûngelokke bemanningsleden fan de Lancaster dy't yn de nacht fan 4 op 5 septimber 1942 delsketten waard en yn it natuergebiet delstoarte. De iennige noch fleanende Lancaster wie út Ingelân oerkaam en fleach tiisdei in pear kear oer de wrakstikken hinne. Ek twa F-16's brochten fleanend in earbetoan. Der wie in minút stilte en skoalbern leine blommen del as neitins oan de bemanning.
Twa pakesizzers fan de piloat fan de delsketten Lancaster wiene ek oanwêzich. Peter Joslin, ferneamd nei syn pake, fertelde dat hy it hiel bysûnder fynt dat de bemanning op dizze wize eare en herinnere waard. Hy is Nederlân tankber foar de muoite dy't it lân docht om de oarlochshelden te earen en memorearjen. Dat de iennige noch fleanende Lancaster sa oer de wrakstikken gie, makke him grutsk op syn pake.