Jeugdfinzenisstraf easke foar poging ta deaslach

03 okt 2017 - 19:17
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in 19-jierrige Drachtster is 38 dagen jeugdfinzenis easke foar poging ta deaslach. Dêrneist is der 240 dagen selstraf ûnder betingst tsjin him easke. De fertochte soe yn juny in famke tsjin har holle skopt ha. Ek soe er har freon in brutsen noas slein hawwe. It ynsidint waard filme, mar dat hindere de jongeman net om it te ûntkennen.

Njonken de finzenisstraf, wol de offisier fan justysje dat de fertochte in healjier lang in ankelbân draacht, húsarrest krijt en in gebietsferbod krijt. Ek moat er him behannelje litte foar syn agresjeprobleem en syn drugsgebrûk. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)