Epke Zonderland oertsjûgjend nei WK-finale op rek

03 okt 2017 - 18:19

Epke Zonderland kin snein by it WK turnjen yn it Kanadese Montreal besykje foar de tredde kear yn syn karriêre wrâldkampioen op de rekstôk te wurden. De Olympysk kampioen fan Londen 2012 kaam yn de kwalifikaasjes fan tiisdei ta in skoare fan 14.433. Dat wie de heechste skoare yn de kwalifikaasjes.

Op it ûnderdiel brêge foel de Lemster. Hy helle in skoare fan 10.933 en pleatst him dêrmei net foar de finale fan kommend wykein.

Zonderland wie yn 2013 en 2014 al de bêste fan de wrâld op rek. Yn 2015 miste hy de finale, wylst hy by de Olympyske Spelen fan Rio yn 2016 de finale net helle troch in fal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)