FIDEO: Spesjale gedichteposter foar berneboekewike

Hieltyd minder Friezen lêze Fryske boeken en dat is skande, fynt de organisaasje fan It Fryske Berneboek. Woansdei begjint de berneboekewike en dat is in moai momint om it Frysk lêzen wer ûnder de oandacht te bringen. De organisaasje docht dat ûnder oare mei in gedichteposter yn it Frysk en it Nederlânsk, dy't alle Fryske skoallen krigen ha. Basisskoalle Op 'e Grins yn Hoarnstersweach krige de alderearste poster útrikt. Op dizze skoalle foel it gedicht goed yn de smaak.