Provinsje stelt subsydzje beskikber foar greidefûgelbehear

03 okt 2017 - 17:14
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De provinsje stelt 100.000 euro beskikber foar greidefûgelbehear. Boeren kinne fan 9 oktober oant en mei 1 desimber 2017 de subsydzje oanfreegje. It jild is bedoeld foar it wieter meitsjen fan it lân yn kânsrike gebieten foar de fûgels. Greidefûgels libje it leafst yn fochtige gerslannen.

Yn Fryslân binne der hieltyd minder geskikte plakken foar de greidefûgels. Der binne noch maksimaal 60.000 greidefûgels yn Nederlân, yn 1960 wienen dat der noch 240.000.

Earder dit jier koene de boeren ek al subsydzje oanfreegje foar greidefûgelbehear. De regeling wurdt no opnij iepensteld omdat in tal oanfragen noch net klear wie. De subsydzjeregeling bestiet sûnt 2014.

(Advertinsje)
(Advertinsje)