Personiel GrainPlastics Ljouwert driget mei aksjes

© www.grainplastics.nl
It personiel fan keunststofproduksjebedriuw GrainPlastics yn Ljouwert driget mei aksjes. De wurknimmers fine dat se te min fertsjinje en dat der saken by it bedriuw net goed regele binne. Neffens it fakbûn FNV binne de minsken de ôfrûne fyftjin jier net genôch kompensearre foar de ynflaasje. It bedriuw wol ek net 100 persint fan it lean trochbetelje as wurknimmers siik binne. It personiel fan GrainPlastics stelt no in ultimatum. As de direksje net foar tongersdeitemiddei trije oere om lyk giet, wurdt der aksjefierd.