Glêsfezel yn alle Fryske gemeenten

03 okt 2017 - 16:16

Kabelnoord sil yn it bûtengebiet yn alle Fryske gemeenten glêsfezel oanlizze, sadat minsken dêr ek rapper ynternet krije. Kabelnoord lient dêrfoar 35 miljoen euro fan de provinsje.

Beide partijen moatte noch wol prate oer de betingsten foar dy liening. Ien fan de betingsten is dat Kabelnoord binnen in healjier mei de oanlis begjint. Binnen trije jier moatte dan 20.000 adressen yn it bûtengebiet rap ynternet ha.

Trefwurden: 
glêsfezel Kabelnoord
(Advertinsje)
(Advertinsje)