Boete nei feroarsake ûngelok troch appe yn'e auto

Whatsapp © Omrop Fryslân
In frou út Makkingea hat in boete fan 500 euro krigen omdat se in ûngelok feroarsake hat trochdat se siet te appen achter it stjoer fan har auto. Se botste op in rige stilsteande auto's. In bestjoerder fan ien fan dy auto's rûn dêrtroch in whiplash op.
De frou sei dat se allinne oan it appen wie doe't se stilstie foar in rotonde. Under it riden hie se de telefoan neist har lizzen. De rjochter fûn likegoed dat se har ôfliede litten hat. Se klapte mei in gong fan 80 kilometer yn de oere op de stilsteande auto's.