Nije selstraf foar moardner man út Haulerwyk

03 okt 2017 - 15:28
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

De man dy't alve jier lyn Marinus Ooms fan Haulerwyk om it libben brocht hat, hat in nije selstraf krigen. Hy waard doedestiids feroardiele ta achttjin jier sel. Yn de finzenis hat er in oare finzene mei geweld bestellen fan in horloazje. Dêr hat er no fyftjin moanne sel foar krigen.

De man kin takom jier frijkomme, omdat er dan twatredde fan syn straf útsitten hat. Justysje wol dat er fêstsitten bliuwt omdat er yn de finzenis wer de fout yngien is. Mar de rjochter gie dêr net yn mei. Dy fynt dat justysje dat fersyk te let dien hat. De feroardielde man riedt him yntusken al ta op syn weromkear yn de maatskippij.

Trefwurden: 
Haulerwyk plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)