Marco Hoekstra nije direkteur keatsbûn KNKB
De 41-jierrige Marco Hoekstra fan Easterein wurdt de nije direkteur fan it keatsbûn KNKB. Hy folget Geert Faber op, dy giet mei pensjoen.
Hoekstra wurket op it stuit by it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Hy is ek haadtrainer bij fuotbalferiening SDS en is keatsleafhawwer. Hoekstra komt op 1 jannewaris offisjeel yn tsjinst bij de KNKB.