Drachtster dealer feroardiele ta selstraf fan tsien moanne

03 okt 2017 - 14:18

In 33-jierrige Drachtster is tiisdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in selstraf fan 10 moanne, wêrfan de helte ûnder betingst. De man ferkocht sân moanne lang speed, xtc en ghb. De rjochtbank rekkenet him swier oan dat de man ek drugs oan bern ferkocht.

De dealer waard ferline jier oant twa kear ta oanholden. De twadde kear wie nei't jongeren net goed wurden wiene nei't se drugs ynnaam hiene. De Drachtster stie bekend as de dealer op de mountainbike. Utsein de selstraf komt de man ûnder tafersjoch fan de reklassearring te stean om fan syn eigen ferslaving ôf te kommen.

Trefwurden: 
dealer drugs selstraf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)