Arriva tredde haadsponsor LF2018

03 okt 2017 - 14:09

Ferfierbedriuw Arriva wurdt de tredde haadsponsor fan LF 2018, Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Dat sei Sjoerd Bootsma fan de organisaasje tiisdeitemiddei op Omrop Fryslân radio. Neist Arriva binne ING en it Leeuwarder Ondernemers Fonds de haadsponsoaren fan it kulturele evenemint.

De organisaasje hie yn it foar sein te stribjen nei trije haadsponsoaren. ''We komen een heel eind, het is klaar'', sei Bootsma. Tiisdeitemiddei wurdt it programma fan Kulturele Haadstêd 2018 bekend makke.

De hiele presintaasje is te folgjen fan 17.00 oere ôf op Omrop Fryslân telefyzje, radio en ynternet.

Trefwurden: 
Arriva LF2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)