Sûner ite op skoalle

03 okt 2017 - 14:01

Skoalle De Dijk yn Ljouwert besiket syn learlingen tusken de middei sûner ite te litten. Om dat foar elkoar te krijen stiet der tiisdei in foodtruck by de skoalle. Learlingen kinne dêr har meibrochte stikjes bôle op 'e nij belizze litte, bygelyks mei salade. It giet om in inisjatyf fan de NHL yn it ramt fan de Week van de Opvoeding. Studinten Pedagogiek fan de NHL bringe in besite oan ferskate skoallen. De Dijk falt ûnder skoallemienskip Piter Jelles.

De foodtruck stiet tongersdei by praktykskoalle De Venen yn Drachten en freed by de VHS yn Drachten. Dizze skoallen falle ûnder OSG Singelland.

Trefwurden: 
sûn iten skoalle
(advertinsje)
(advertinsje)